Ljouwerter fuotbalklup LAC Frisia bringt eigen tydskrift út: Lakskún

Hoe soargest as sportferiening datst kontakt hâldst mei dyn leden yn dizze coronatiid? De Ljouwerter fuotbalklup LAC Frisia 1883 hat dêr wat op betocht en bringt in ‘glossy’ út. It tydskrift hyt ‘Lakskún’ mei ferhalen oer spilers, frijwilligers en klupikoanen.

De namme ferwiist nei de eliteklup dy’t LAC Frisia earder wie. Minsken moasten op audysje komme en goedkard wurde om fuotbalje te meien. “De naam Lakskún is dus een knipoog naar het verleden”, seit Silvia Verhoeven, sekretaris fan de klup.

“Het is een tijd op afstand, een rare tijd. We doen van alles, maar weinig aan voetbal.” Fia groepsapps, sosjale media en de webside hâlde se kontakt mei de leden, mar dêr is no dus ek in magazine by kommen.

“We hebben veel jeugdleden en die lezen de mail niet en dus bedachten we dit blad, voor jong en oud. Er staat bijvoorbeeld een interview in met clubicoon Folkert de Vries, die al 50 jaar bij de club zit, maar we verwelkomen ook nieuwe leden, zoals een familie uit Afghanistan. We zijn de oudste club van Friesland, met veel historie, dus er is veel te vertellen en te laten zien.”

Neist in kleurplaat, in rubryk ‘Wist je dat’ en in kwis kin mei in QR-koade ek in âld filmke út 1923 besjoen wurde. De klup bringt meikoarten ek noch in boerdspul út, in soarte fan Ganzenbord.

Reageren